Leafdesbang Lyrics - Nynke Laverman

Release information
Release Date: 2006-5-13
length: 5:17

Wang oan wang
Stil en lang
Stean wy
Wang oan wang
Leafdesbang

Hoeden noch
Gloeit de gloed
Fan hûd lâns hûd
Myn azem trillet
Lâns dyn linkerear

Ús liven roppe
Sy witte sy wolle
Ús liven langje
En stadichoan
Fal ik yn dyn hân

Giest mei
Leaf, giest mei

Wang oan wang
Al te lang
Stean wy
Wang oan wang
Leafdesbang

Ik fiel dyn wifel, in pine
Dy't omraast yn in oar ferline
Triennen falle as hast fergetten wiet
Sjonge wer har hertferskuorrend liet

Ús liven roppe
Sy witte sy wolle
Dyn siel ferstivet:
Net ferlieze, net ferlieze
Mar ús liven roppe
Sy witte sy wolle

Jou my dyn hân
Jou my dyn hân
Jou my dyn hân
Jou my dyn hân

En dûnsje
Mei my


Lyrics licensed by Lyricfind.com
Tracklist
CD 1
  • 1 Gjin begjin
  • 2 Riedsel
  • 3 Man op it sân
  • 4 De wite moarne
  • 5 Myn blauwe bruja
  • 6 Praat fan de wyn
  • 7 Salang
  • 8 Fan dy langstme
  • 9 Leafdesbang
  • 10 Oant de diggels
  • 11 Weefsel
  • 12 Por mi pasión
  • 13 Syn brief
  • 14 Swarte ierde
  • 15 Kear
  • 16 De frou fan mais
  • 17 Bonustrack: Hambre del alma