Weefsel Lyrics - Nynke Laverman

Release information
Release Date: 2006-5-13
length: 3:06

Dit tij, it is nije leafde, it skuort oan my
Wa kin sizze dat er net bang is, in dei
Komt de keamer yn, hy dûnset as in tol
De wolken binne der ek en alles wachtet

Ferjitte bestiet net, de neisimmer bûcht
Fan langstme asto wer op my takomst
Do rûkst reader no, ik staverje dyn stal
Yn 'e krante, yn 'e koelkast, yn 'e tafel

Ik soe it skrieme wolle, hâld my wer fêst
Fannacht, wês it weefsel ûnder myn hûd

Alles is kommende, de leafde stoarmet
Om ús hinne, ik til dy op en do leist dy
Del foar my, ús stimmen meitsje begjin
Fan in wrâld dy't allinne wy mar kenne

Do bist myn man hjoed, myn frijerman
Do rôlest dyn hûd nei my ta, myn hert
Leit al klear, en ik, ik wol dy
Ik wol dy, allinne dy, do dripst as rein

Ik soe it skrieme wolle, hâld my wer fêst
Fannacht, wês it weefsel ûnder myn hûd

En dat djippe wetter asto fuortgien bist
Hoe't ik fierder fan dy drink, de rein falt
Swiete drippen op 'e hûd, it rút stiet iepen
En leafde, kom as in wolk, kom dizze dei


Lyrics licensed by Lyricfind.com
Tracklist
CD 1
  • 1 Gjin begjin
  • 2 Riedsel
  • 3 Man op it sân
  • 4 De wite moarne
  • 5 Myn blauwe bruja
  • 6 Praat fan de wyn
  • 7 Salang
  • 8 Fan dy langstme
  • 9 Leafdesbang
  • 10 Oant de diggels
  • 11 Weefsel
  • 12 Por mi pasión
  • 13 Syn brief
  • 14 Swarte ierde
  • 15 Kear
  • 16 De frou fan mais
  • 17 Bonustrack: Hambre del alma